Fleantúch en helikopter botsten krekt net boppe fleanbasis

Ambulânse-helikopter © Postema-media
Boppe de fleanbasis yn Ljouwert binne in sweeffleantúch en in helikopter fan RAV-Fryslân inkelde moannen lyn hast mei-inoar yn botsing kaam. It ynsidint fûn plak yn juny. De helikopter hie krekt in pasjint ôfset by it sikehûs yn Grins en fleach op de ILS, in automatysk bestjoeringssysteem, nei de basis ta. De piloat hie fia de radio al in melding dien. Dy is trochjûn oan de sweeffleanklup dy't dêrnei alle starts stillein hat. De melding is allinnich net trochjûn oan ien fan de sweeftastellen dy't doe noch yn de loft wie.
'Near miss'
Op it stuit dat de helikopter der oankaam, krústen de beide tastellen inoar op in ferskillende hichte. Der hat sprake west fan in saneamde 'near miss'. Beide tastellen binne feilich landen. Op it stuit fan it ynsidint wie de fleanbasis ticht. Der sit dan al in persoan op de ferkearstoer. Troch in flater yn de prosedueres hat dy persoan de melding net trochjûn oan it sweeffleantúch dat krekt doe de lâning oan it ynsetten wie.
Alle trije partijen hawwe it ynsidint wiidweidich evaluearre. Se hawwe om tafel sitten om de prosedueres nochris goed troch te nimmen en oan te passen. Der is in melding fan it ynsidint dien by de ynspeksje foar leefomjouwing en transport.