10.000e besiker Barentszwerf Harns

De Barentszwerf yn Harns hie tongersdei de tsientûzenste besiker. Dy siet by in groep fan 42 frijwilligers fan de Sontregisters. Sy digitalisearje de âlde hânskreaune registers dy't fan 1550 oant 1857 byholden binne. De tsientûzenste besiker fan de Barentszwerf hat ûnder oare it deiboek krigen oer de reis fan 1596-1597 fan bemanningslid Gerrit de Veer fan de Willem Barentsz. Oan de Willemskade yn Harns bouwe frijwilligers oan in rekonstruksje fan it skip fan Willem Barentsz. Se hawwe der al 25.000 manoeren ynstutsen. De romp fan it skip is hast klear.
Mear besikers
Yn it besikerssintrum wurdt ferteld oer de reis fan Barentsz nei Azië yn 1596. It skip rekke by Nova Zembla fêst yn it iis en de bemanning hat de winter yn it Behouden Huys oerlibbe. Under de besikers wiene oant no ta goed 1.250 bern en in soad bûtenlanners, ûnder wa Dútsers, Belgen en Russen. Yn fergelyk mei 2016 kamen der tritich persint mear besikers nei de werf. Dy is no foar yndividuele besikers sletten oant 1 april takom jier. Groepen kinne der wol terjochte foar in rûnlieding.