FIOD pakt malafide útstjoerburo's oan; ûndersyk yn Appelskea

© Omrop Fryslân
By in grutte aksje fan de FIOD om malafide útstjoerburo's oan te pakken is tiisdei in bedriuwsgebou yn Appelskea trochsocht. Tagelyk waarden ek huzen en bedriuwsgebouwen yn ûnder oare Steenwijkerland, Hoogeveen, Emmen en Grins, mar ek yn Letlân trochsocht. Mei-elkoar binne trije manlju en trije froulju oanhâlden. Se wurde fertocht fan belestingfraude en it wytwaskjen fan jild.
De twa haadfertochten yn dizze saak hiene in detasjearringsburo dat minsken út Letlân hjir yn Nederlân oan it wurk hie by klanten. Dy betellen dêr gewoan foar. Mar by it detasjearringsburo kamen de Letten as stazjêres yn de boekhâlding, dy't folle minder betelle krigen. Sa waard de belesting foar op syn minst ien miljoen euro oplichte.