Geert Mak krijt Prins Bernhard Kultuerfûns Priis 2017

Skriuwer Geert Mak © ANP
Skriuwer Geert Mak krijt op 27 novimber de Prins Bernhard Kultuerfûns Priis 2017 útrikt út hannen fan keninginne Máxima. It giet om in priis fan 75.000 euro foar syn hiele oeuvre. De priis is bedoeld foar minsken dy't in soad dien ha foar de kultuer, natuer of wittenskip. Neffens de sjuery hat Mak in grutte steat fan tsjinst as skriuwer fan boeken oer histoarje. Mak, bekend fan it boek 'Hoe God verdween uit Jorwerd', wennet ôfwikseljend yn Amsterdam en yn Fryslân. Earst yn Bartlehiem, mar hy hat dit jier in hûs kocht yn Jorwert.