Earste wedstriid KPN Marathon Cup ferriden

De earste wedstriid fan de KPN Marathon Cup op de Jaap Edenbaan yn Amsterdam is sneontejûn wûn troch Lisa van der Geest. Yn de sprint wie se rapper as Carien Kleibeuker fan It Hearrenfean. Elma de Vries fan De Haule waard tred.
By de manlju gie in groep fan 21 riders op kop. Uteinlik wie Evert Hoolwerf de sterkste yn de sprint, twad waard Bart Swings en tred Crispijn Ariëns fan Wolvegea. Troch in oanfal op dy kopgroep fan Jorrit Bergsma rieden de mannen fan de ploech fan Bart Swings har stikken op de Boarnster.