Tankstasjon yn Ljouwert ticht: disel yn de benzinetank

It tankstasjon oan de Oostergowei yn Ljouwert is it hiele wykein ticht omdat der disel yn de benzinetank kaam is. De ANWB soe al meardere meldingen krigen hawwe fan minsken dy't nei in pear kilometer stil kamen te stean. De Shell ferwachtet moandei wer iepen te gean.
''Ik hie krekt myn tank fol'', sei Geert van der Meer fan Deinum. ''Ik wie wer ûnderweis, doe't ik ynienen nei fiif kilometer stil kaam te stean. No haw ik wol earder wat problemen mei auto's hân, mar dit wie dochs wol wat nuver.''
''Wij vinden het heel vervelend dat automobilisten problemen hebben gekregen na het tanken op het Shell Express tankstation op de Oostergoweg te Leeuwarden'', sa seit it bedriuw. ''Wij vergoeden de automobilisten die hierdoor schade hebben opgedaan. Uit voorzorg sluiten wij dit station. Er is diesel in de benzineopslagtank terechtgekomen. De pomp is uitgezet, en er kan momenteel niet getankt worden.''