Selstraf nei fjouwer kear oanhâlding sûnder rydbewiis

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
In 40-jierrige ynwenner fan Koatstertille hat tiisdei fan de rjochter in selstraf fan fjouwer wiken oplein krigen. Hy is fjouwer kear trappearre op riden sûnder jildich rydbewiis. De man waard op 25 maaie oanhâlden, doe't er mei de auto in pizza helle. Auto's binne syn grutte hobby, mar hy is syn rydbewiis sûnt 2008 kwytrekke fanwege riden mei drank op.
De man moast dêrnei by it CBR in geskiktheidsûndersyk dwaan. Hy koe dat net betelje. Al dy tiid ried er wol yn de auto en waard er dêr trije kear foar pakt. Neist de fjouwer wiken dy't er de sel yn moat, krige de Tilster ek fjouwer wiken selstraf ûnder betingst.