Man stutsen mei mes yn Snitser Wilhelminapark

Yn it Snitser Wilhelminapark is sneon oan it begjin fan de middei in man berôve. Nei alle gedachten is it slachtoffer dêrby troch de oerfaller stutsen mei in mes. It slachtoffer is oansprekber en nei it Snitser sikehûs brocht.

De plysje ûndersiket de saak en hat yn ferbân mei it ûndersyk in part fan it Wilhelminapark ôfsletten.