Warkums Erfskip wol bertekeamer Tjipke Visser ferhúzje
Museum en âldheidkundige feriening Warkums Erfskip wol de bertekeamer fan Tjipke Visser yn syn hiele hear en fear ferhúzje nei it âlde stedhûs. Dat seit foarsitter Engelien Bouma. Visser is in keunstner dy't oan it ein fan 'e 19e iuw berne waard yn Warkum. De keamer sit no noch yn de pastorij fan it tsjerklik museum, mar is ynrjochte mei guod dat yn brûklien is fan it Frysk Museum. No't it pân gjin museum mear is, soe it guod wer werom moatte nei it depot yn Ljouwert. Mar dat wol Warkums Erfskip foarkomme. De twadde ferdjipping fan it âlde stedhûs stiet leech en de feriening docht der alles oan om de keamer dêr hinne te krijen.
Bouma is posityf oer de kâns fan slagjen fan it plan en hopet sa gau mooglik te hearren oft it ek rûn komt.