Keunstner Pedro Bakker wint Gerrit Bennerpriis

Keunstner Pedro Bakker fan Skettens hat tongersdei de Gerrit Bennerpriis 2017 wûn. Dat is in provinsjale priis foar byldzjende keunst, dy't om de twa jier útrikt wurdt. Bakker krijt de priis om't er yn syn wurk fan de ôfrûne twa jier 'in belangrike ûntwikkeling' sjen litten hat. De keunstner krijt in bedrach fan 4000 euro en mei ek in útstalling organisearje yn It Fries Museum yn Ljouwert.
Machteld van Buren, ynwenster fan Marrum, krige fan de sjuery in earfolle fermelding en in jildpriis fan tûzen euro. Ek sy liet yn har wurk in belangrike ûntwikkeling sjen.