Stoflike resten oantroffen yn Lancaster bommewerper

© Omrop Fryslâ, Alle Faber
By de berging fan de Lancaster bommewerper yn Warten binne stoflike resten en resten fan klean fûn. It giet om in lyts oantal minsklike botfragminten. De resten binne troch de Bergings- en Identificatiedienst Koninklijke Landmacht nei har laboratoarium yn Soesterberg brocht foar fierder ûndersyk. Neffens boargemaster Ferd Crone moat ûndersyk útwize oft mei de resten de identiteit fan de noch fermiste omkommen militêr efterhelle wurde kin.
De Lancaster waard yn de Twadde Wrâldoarloch troch de Dútsers delhelle en stoarte oan de râne fan de Alde Feannen del. Dêrby kamen trije van de sân bemanningsleden om. It fleantúch wurdt mominteel burgen.