Gemeente set drugslab-loads Berltsum jier op slot

© Postema Media
De loads oan de Wiersterdyk yn Berltsum dêr't earder dit jier in grut drugslaboratoarium oantroffen waard, is troch de gemeente foar tolve moannen op slot set. Yn juny fan dit jier waarden yn de loads ûnder oare yngrediïnten foar it meitsjen fan amfetamine oantroffen.
De loads moat in jier lang ticht om't by de produksje fan amfetamine stoffen brûkt wurde dy't gefaarlik binne foar it miljeu en de folkssûnens. Hjirmei is neffens boargemaster Piersma in gefaar foar omwenners en belutsen helpferlieners.