Rekreaasjebedriuw De Veenhoop mei bouwe

De Feanhoop
Rekreaasjebedriuw De Veenhoop mei fan de Ried fan Steat 18 lúkse rekreaasjewenningen bouwe oan de Slûswei. It bestimmingsplan is woansdei troch it rjochtsorgaan goedkard. De beswieren fan de buorlju, de famylje Bijma, binne hjirmei fan tafel fage. Sy binne benaud dat der in protte ferkear- en parkearoerlêst wêze sil as de plannen trochgean.
Neffens de steatsried sil dat lykwols tafalle. De ried ferwachtet gjin ûnakseptabele skea oan bygelyks de berms troch it ferkear. Ek binne der neffens de útspraak genôch parkearplakken pland. Mei dizze útspraak kin eksploitant Geert-Jan de Jong de skeppe yn de grûn stekke. Hy wol tige graach oan de slach, sa liet er by in foarige rjochtsaak witte.