Fryske sjoernalist by stimburo Katalaansk referindum

Unrêst en emoasjes op de stimburo's yn Kataloanië. Sybrand Grasdijk fan De Harkema is snein op sa'n stimburo. Hy is nei Barcelona ta reizge om as jong sjoernalist it hjitst fan de striid mei te meitsjen. Kataloanië stimt snein oer ûnôfhinklikheid fan Spanje. Dit referindum is ferbean troch it Spaanske regear.
Konfrontaasje
Der binne in protte konfrontaasjes tusken minsken dy't stimme wolle en de nasjonale plysje, de Guardia Civil. Dêr binne tsientallen minsken ferwûne rekke.
Yn Kataloanië binne 6.000 stimlokalen, dêrfan is goed 70 persint iepen. Sybrand Grasdijk is by ien fan de grutste stimburo's, de 'Escola Industrial', dêr't tûzenen minsken by steane. Foar in protte minsken, foaral âlderein, is it stimmen in emosjonele oangelegenheid, seit Grasdijk.
It referindum yn Kataloanië is snein ûnderwerp yn it radioprogramma Buro de Vries. Petearen mei Merijn Bouma en Fedde Huistra, dy't beide troud binne mei in Katalaanske frou, en mei sjoernalist Sybrand Grasdijk. Eftergrûnen wurde taljochte troch Omrop-ferslachjouwer Onno Falkena.
"Beskamsum"
"It is beskamsum wat der yn Kataloanië bart. Plysje-geweld tsjin minsken dy't freedsum gean te stimmen, kin net." FNP-fraksjefoarsitter Corlienke de Jong is geweldich skrokken fan it nijs dat by it referindum yn Kataloanië oant no ta 38 minsken ferwûne rekke binne as gefolch fan it yngripen troch de Guardia Civil. De Jong reagearre op it plysjegeweld yn radioprogramma Buro de Vries. "It giet om it rjocht om te stimmen, mar it giet ek om minskerjochten en de parsefrijheid. Sa yngripe yn West-Europa, dat kin net."
Yn Kataloanië wurdt op 1 oktober in referindum hâlden oer ûnôfhinklikheid op inisjatyf fan de regionale oerheid. De Spaanske nasjonale oerheid neamt it referindum 'yllegaal en ûnwettich' en it plysje-optreden tsjin dat referindum 'profesjoneel en proporsjoneel'. Twadde Keamerlid Isabelle Diks fan GrienLinks hat gjin inkeld begrip foar it plysje-optreden. "Ik snap niet waar premier Rajoy van Spanje mee bezig is. Het referendum in Catalonië is ingewikkeld, maar geweld tegen vreedzame demonstranten is niet goed te praten. Stemburo's sluiten trouwens ook niet."
Protest tsjin plysjegeweld
Op sneintemoarn waarden sa'n 27 persint fan de stimburo's yn benammen de gruttere stêden sletten troch de Spaanske nasjonale plysje. De Guardia Civil brûkte hjirby geweld om troch blokkades fan boargers te brekken. Ald-deputearre Sjoerd Galema (CDA) begrypt wol dat de Katalanen in referindum hawwe wolle. "De Katalanen fiele harren net serieus nommen troch Spanje. Dat spilet al jierren. It giet ek om jild; se moatte alle belesting ôfdrage oan Madrid en letter mar ôfwachtsje wat se wer werom krije."
Ut protest tsjin it plysjegeweld hat FC Barcelona snein de fuotbalwedstriid tsjin Las Palmas ôflast. Dat is spitich foar fjouwer fuotbalfans út Wurdum, dy't dit wykein spesjaal foar dy wedstriid op it fleantúch nei Kataloanië stapten. FC Barcelona hat him earder útsprutsen foar it rjocht fan de Katalanen om harsels oer de eigen takomst út te sprekken.