"FNP wol him net ôfskiede fan Nederlân"

Studinten demonstrearre yn Barcelona © ANP
De FNP wol him net ôfskiede fan Nederlân, seit fise-fraksjefoarsitter Sybren Posthumus fan de FNP tsjin de NOS. Yn ferbân mei it Katalaanske referindum foar ûnôfhinklikheid snein, hat de NOS in nije kaart makke fan Europa, mei tsientallen regio's dy't stride foar mear selsstannichheid. Europa soe der hiel oars útsjen as Kataloanië en al dy oare regio's selsstannich wurde soene. Fryslân stiet ek op dizze kaart.
Graadmjitter is de Europeeske Frije Alliânsje, in politike partij yn it Europeesk parlemint fan nasjonale groepearrings. 49 partijen hearre dêrby, wêrûnder de FNP. Sybren Posthumus seit yn it NOS-artikel dat de FNP sels wetten ôffurdigje wol, en mear te sizzen ha wol oer regionale ekonomy, lânbou en ûnderwiis. Fierders moat Fryslân mear belestingmooglikheden krije. It giet fierder as taal en kultuer, mar ôfskieding fan Nederlân is dus net de bedoeling.