Deade man en frou fûn yn wenning Ketlik, misdriuw yn it spul
De plysje hat tiisdeitemoarn yn Ketlik twa deade persoanen oantroffen, dy't troch in misdriuw om it libben kaam binne. Neffens de plysje giet it om in man en in frou. Sy waarden fûn yn in wenning oan de Schoterlandseweg. In besiker fan it gebou, de saneamde Moskoupleats by Ketlik, trof de twa deaden oan. Der is in soad plysje oanwêzich, stipe troch de forinsyske resjerzje. Dy binne dwaande mei it ûndersyk.
De plysje kin noch neat sizze oer wat der krekt bard is. Wol is dúdlik dat der twa famyljes yn it hûs wenje. Om't de plysje tinkt dat it giet om in misdriuw, kin in eventuele dieder noch yn de buert wêze. Dêrom binne der saneamde 'ondersteuningsteams' fan de plysje oanwêzich.