Unienichheid om wetterfersmoarging yn jachthaven Drachten

As foar tongersdei neat dien wurdt oan de wetterfersmoarging yn jachthaven De Drait yn Drachten, wol Chiel Bolt fan jachtwerf Bolt de haven ôfslute. Neffens Bolt komt de fersmoarging fan syn buorman dy't boaten ferhiert. Mar dy seit dat it oalje-achtige guod yn it wetter net by him wei komt.
De fersmoarging is der neffens Bolt alle wiken, op de dagen dat yn de jachthaven de hierboaten weromkomme by de ferhierder. Syn jachtwerf is al klanten kwytrekke, om't dy baalden dat harren boaten ûnder de oalje sieten. Offisjele klachten by bygelyks it Wetterskip en de FUMO hawwe net ta gefolch dat de fersmoarging ophâldt. Fan 't wykein wie it wer safier, en dêrom stelt Bolt in ultimatum, want hy hat al tsientallen kearen in klacht yntsjinne.
De fersmoarging stiet by Wetterskip Fryslân heech op de aginda, mar it is harren noch net dúdlik wêr't de fersmoarging fan de jachthaven krekt weikomt. It Wetterskip hat al protte ûndersyk dien yn it gebiet, mar kin pas maatregels nimme as se witte wat de oarsaak fan it probleem is.