Wurkstraf easke foar stellerij út hotel

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
It Iepenbier Ministearje ferwyt in frou (49) fan De Harkema dat se as meiwurkster yn in hotel yn Aldegea (Sm.) meardere kearen jild út de kassa stellen hat. Se is yn 2014 oanhâlden. Se wurke njoggen jier yn dit hotel en waard yn 2014 derfan beskuldige dat se in earmbân fan de bazinne stellen hie. It sieraad waard yn de tas fan de meiwurkster fûn. Neffens har wie dat by fersin bard. De hotelbaas seach kamerabylden nei om't er al langer kasferskillen hie. Op byld wie te sjen dat se in pear kear jild út it laad helle. De wurkjouwer die oanjefte en de frou waard ûntslein. Neffens de frou helle se it jild út de kassa om harsels en kollega's it lean út te beteljen. Dat waard faker kontant dien. De betellingen waarden wolris opskood en dêrom reservearre se alfêst it lean. Neffens de rjochter wie dat net har taak.
Foar stellerij fan de earmbân moat de frou frijsprutsen wurde fynt de offisier fanwegen te min bewiis. It stellen jild, goed 18.000 euro, moat werom betelle wurde. Der is 120 oeren wurkstraf easke. Oer twa wiken folget de útspraak.