Gersbaanracer Dirk Fabriek hâldt op: "Ik sit fol izer"

Dirk Fabriek helle snein mei it team brûns op it WK gersbaan foar lanneteams. It wie syn allerlêste wedstriid. De 32-jierrige racer, earder fan Jobbegea, hâldt dermei op. "Ik slút in moaie karriêre dochs moai ôf mei in brûnzen medalje. Dit jier rûn it net sa bêst, nei myn rêchblessuere ha ik myn âlde nivo net mear helle en ferline jier krige ik lêst fan it ankel. Ik sit no fol izer en ik frege my ôf oft dit it wurdich is. Ik ha in moai gesin, myn soan wurdt aansens fiif en dêr sil ik no mei dwaande. Hy hat ek ynteresse yn it racen. Hy docht oan crossen en dan kin er moai meters meitsje en ûnderfining opdwaan. We lizze him neat op, mar jouwe him wol de mooglikheid lykas dat myn âlden dat by my dien ha."
Karriêre
Fabriek krige op syn fyfde syn earste motor en ried wat yn de tún om. "Ik ha yn myn karriêre hiel wat fan Europa sjoen." Hy sjocht tefreden werom op it WK dat er as earste Nederlanner wûn yn de Grand-Prix, de langbaanteamfinale yn Eenrum dêr't er fan achteren hielendal nei foaren ried en de trije sulveren medaljes op it EK. Mei it team wûn er wol goud, mar noait yndividueel. "Miskien hie dat wol slagge as ik wat ferbitener west hie, mar ik bring oaren net yn gefaar, dat hat my mooglik de echte titel koste."