Direkteur Houkje Rijpstra: "Circulair Friesland moat groeie"

De Vereniging Circulair Friesland moat de kommende tiid groeie en mear minsken yn tsjinst nimme. Oars kinne de doelstellingen net realisearre wurde. Dat seit de nije direkteur Houkje Rijpstra. De feriening wol dat Fryske bedriuwen yn de takomst hielendal gjin ôffal mear produsearje, mar dat alles opnij brûkt wurdt.
Rijpstra fynt dat bedriuwen har kennis en ûnderfining op it mêd fan sirkulêre ekonomy safolle mooglik mei-elkoar diele moatte. Ek wol sy dat it Fryske ûnderwiis der folle mear by belutsen wurdt. Oant no ta wiene twa minsken by de feriening yn tsjinst, mar dat oantal sil de kommende tiid wat tanimme.
De feriening is begjin ferline jier oprjochte en is in gearwurking tusken ûnder oare bedriuwen, gemeenten, provinsje en oare organisaasjes. Sûnt 1 septimber is Houkje Rijpstra de nije direkteur. Dêrfoar wie sy 11 jier lang wethâlder yn Tytsjerksteradiel.