Friezen op it poadium by WK gersbaan foar lanneteams

De Nederlânske gersbaanracers, mei dêrby de Friezen Dirk Fabriek en Theo Pijper, binne sneintemiddei tredde wurden op it WK gersbaan foar lanneteams yn Roden. Tegearre mei Romano Hummel behellen se 49 punten. It goud gie mei oermacht nei Dútslân, dat mei 61 punten foar de achtste kear de wrâldtitel pakte. Frankryk wûn it sulver mei 54 punten.
Foarich jier wûnen Dirk Fabriek en Theo Pijper mei Jannick de Jong it goud yn de lannewedstriid. Foar Dirk Fabriek (32) wie snein de lêste race yn syn karriêre. Hy nimt ôfskied fan it gersbaanracen.