De Rottefalle en Boarnburgum wurde ferkearsfeiliger

© Omrop Fryslân
De gemeente Smellingerlân wol mei ynwenners fan De Rottefalle en Boarnburgum dy doarpen ferkearsfeiliger meitsje. De gemeente en it Regionaal Orgaan Verkeersveiligheid fan de provinsje binne dêrom begûn mei it projekt 'Feilich op 'e dyk'. Oanlieding foar dat projekt binne klachten dy't de gemeente krige út De Rottefalle en Boarnburgum. Faak gie it dan oer hurdriders. Der komt in oantal gearkomsten wêryn't elkenien meiprate mei oer wat de bêste oplossingen binne foar de ferkearsproblemen.