Moardner Marinus Ooms opnij feroardiele

© Omrop Fryslân
It Iepenbier Ministearje easket opnij in selstraf tsjin de man dy't yn 2006 de 51-jierrige Marinus Ooms út Haulerwyk om it libben brocht hat. De 32-jierrige hat neffens de offisier fan justysje yn july 2014 yn de finzenis fan Feanhuzen in oare detinearre mei geweld berôve fan in gouden Rolex-horloazje. It slachtoffer rûn dêrby bliuwend eachletsel op. De fertochte waard holpen troch in 25-jierrige detinearre, it Iepenbier Ministearje wol dat dy dêrfoar 20 moanne ekstra selstraf krijt.
De 32-jierrige man hat yn novimber 2018 twatredde part fan de 18 jier selstraf foar de moard op Ooms útsitten en soe dan - ûnder bepaalde betingsten - frijjkomme kinne. De offisier fan justysje fynt dat dat beslút mei twa jier útsteld wurde moat. Marinus Ooms waard yn syn hús by in brute oerfal deastutsen. Trije manlju krigen dêrfoar straffen fan tusken de 10 en 18 jier. De útspraak is op 3 oktober.