Scooterrider by Ljouwert fan de sneldyk helle

© ANP
De plysje fan Ljouwert hat sneontejûn in bestjoerder fan in scooter fan de sneldyk helle. De 23-jierrige man ried by Wirdum mei syn scooter oer de autosneldyk. By kontrôle fan de plysje die bliken dat de bestjoerder ek gjin rydbewiis hie.
Der is proses-ferbaal tsjin de man opmakke. De scooter is troch de plysje skorst.