Waadfilm Silence of the Tides giet yn produksje

© Silence of the Tides
De film Silence of the Tides oer de Waadsee giet yn produksje. De ynternasjonale film hat fan it Waadfûns en it Filmfûns subsydzje krigen. Yn maaie 2020 giet de film yn ferskate lannen yn premjêre. Silence of the Tides jout in byld fan de Waadsee dy't hieltyd yn beweging is en de relaasje tusken minske en natuer.
Regisseur is Pieter-Rim de Kroon. Hy makke ûnder oare ek Hollands Licht, dêr't er in Gouden Kalf en in Gouden Beeld foar krige. De produsint fan Silence of the Tides is Windmill Film. De film duorret 80 minuten en hat gjin voice-overs, ynterviews of muzyk.