A Local Swim Lemmer hellet 55.004 euro op foar stichting ALS

Hûndert swimmers hawwe sneon op De Lemmer mear as 55.004 euro fertsjinne foar de lanlike stichting ALS Nederlân. De dielnimmers leine in ôfstân fan twa kilometer ôf troch it Lemster dok. ALS (Amyotrofische Lateraal Sclerose) is ien fan de meast earnstige kwalen fan it senuwstelsel, wêrby't sinjalen út de harsens net mear oankomme by de spieren. De sykte liedt ta útfal fan de spieren, wêrnei't de trochsneed libbensferwachting fan in ALS-pasjint noch mar trije oant fiif jier is.

It swimevenemint 'a local swim Lemmer' luts likernôch likefolle dielnimmers as ferline jier. De organisaasje ferwachtet út te kommen op in opbringst fan 60.000 euro.