Moasje foar strange regels by oanbesteging doelgroepeferfier

De SGP-fraksje yn de gemeenteried fan Dantumadiel wol strange regels by de oanbesteging fan it doelgroepeferfier yn Noardeast-Fryslân. De fraksje freget dat yn in moasje oan it kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders. Mei dy strange regels binne taksi-sjauffeurs by oernames better beskerme. Dêrmei kin foarkaam wurde dat benammen âldere sjauffeurs op strjitte komme te stean.
De moasje is ûndertekene troch noch fjouwer oare partijen. Dat binne Dantumadeel'82, de FNP, de LLD en de PvdA. Mei elkoar ha de partijen njoggen sitten. De gemeenteried fan Dantumadiel telt santjin sitten. De moasje wurdt behannele yn in ekstra riedsgearkomste, no tiisdei. Dy wie oanfrege troch de SGP en de FNP omdat sy har bot soargen meitsje oer de banen fan de taksisjauffeurs.