Wedstriid SC Cambuur stillein om reek op fjild

© Twitter SC Cambuur
Yn de wedstriid SC Cambuur tsjin Jong FC Utrecht is it spul freedtejûn yn de 60ste minút stillein. Der wie reek te sjen op it fjild en by de tribunes. Neffens de speaker soe it om fjoerwurk gean. De skiedsrjochter hat de wedstriid stillein en de spilers binne nei binnen gien. It soe in bewuste aksje fan de supporters wêze omdat se tsjin belofteteams yn de Jupiler League binne.