Stiennesmiter fiadukt N381 oanhâlden

© plysje Súd-east Fryslân
In man fan 35 jier út Appelskea hat bekend ein augustus in stik stien goaid te hawwen fan in fiadukt by syn wenplak. It stik bedarre op de N381, it miste dêr krekt in auto. De plysje begûn direkt in boargernetaksje om de dieder te finen en sette ek in stikje op Facebook. Mei de tips dy't dêrnei kamen, koe de plysje woansdei de man oanhâlde. Hy sit noch fêst foar fierder ûndersyk. Wêrom't de man de stien goaide, is net bekend.