Meiwurkers iisstadion Thialf swimme yn Amsterdam foar ALS

It team fan Thialf dat meidocht oan de Amsterdam City Swim foar ALS
In team fan meiwurkers fan iisstadion Thialf docht snein yn Amsterdam mei oan de City Swim foar de stichting ALS. It evenemint bestiet út ferskate ûnderdielen, saneamde waves. It Thialf-team besiket binnen 30 minuten de rûte troch Amsterdam te swimmen.
Oanfierder fan it team is iismaster Beert Boomsma. Hy wol sjen litte dat Thialf net allinnich goed is op beferzen wetter, mar ek rap is yn it wetter fan de Amsterdam City Swim. Ferline jier is by it evenemint goed 2 miljoen euro ophelle foar de spiersykte ALS.