Plysje slacht twa miggen yn ien klap

© Plysje
De plysje hat tiisdei in 43-jierrige man oanhâlden yn in wenning yn Ljouwert. Yn de wenning waard socht nei in oare man dy't noch in finzenisstraf útstean hie. Yn stee fan dizze man, waard de 43-jierrige fertochte oantroffen. It die bliken dat ek dizze man noch 17 dagen sitte moast.
Yn de wenning waard boppedat ek in himpkwekerij mei 150 planten oantroffen. De man is meinaam nei it buro en de plysje hat de saak yn ûndersyk.