Hoarekameiwurker betrapet drugshanneler op Skylge

© Omrop Fryslân
In opmerksume hoarekameiwurker op Skylge hat derfoar soarge dat in 36-jierrige ynwenner fan Norg oanhâlden wurde koe foar drugshannel. De meiwurker seach hoe't de fertochte drugs besocht te ferkeapjen en warskôge de plysje. Aginten krigen de man letter ek yn de gaten, doe't er nei syn scooter rûn. Yn de scooter fan de man waarden 191 pûdsjes mei softdrugs fûn. Ek hie de man harddrugs en in stiletto by him. De man is nachts mei de boat oerbrocht nei de wâl en yn Ljouwert yn de sel set.