De Emanuel wint IFKS-silerij 2017 yn de grutte A-klasse

De Emanuel fan skipper Merijn Olsthoorn is by it IFKS kampioen wurden yn de grutte A-klasse. Hy wûn de lêste wedstriid op De Lemmer. It wie lang ûnwis oft der wol syld wurde koe, omdat der gjin wyn stie. De oare klassen fan de IFKS koe dêrom sneon net mear sile. It wie foar de Emanuel de tredde dei-oerwinning dit jier, se wûnen juster ek op de Lemmer en moandei yn Starum. Twadde yn it klassemint waard Jaap Hofstee mei it Swarte Wief en tredde waard Jeroen de Vos mei de Eelkje 2.
Alles oer it skûtsjesilen is te finen op: omropfryslan.nl/skutsjesilen