De Vries sechde yn kwalifikaasje Spa-Franchorchamps

Autokoereur Nyck de Vries © Omrop Fryslân
Autokoereur Nyck de Vries mei sneon yn de haadrace fan de Formule 2 yn België op it sechde plak begjinne. De Snitser ried freedtemiddei foar it earst in kwalifikaasje foar syn nije team: Racing Engineering. Dat ûnder drege omstannichheden, want it sirkwy fan Spa-Francorchamps stie fol mei wetter fanwegen swiere reinbuien.
Dochs siet De Vries mar oardel sekonde ôf fan de bêste tiid fan de sesje. De pole-position yn België gie nei de koprinner yn it Formule 2 kampioenskip: Charles Leclerc fan Monako.