Registrearre partnerskip hieltyd populêrder yn Fryslân

Yn Fryslân en de rest fan it Noarden wint it registrearre partnerskip oan populariteit. It is sels populêrder as yn de grutte stêden fan Nederlân. Dat docht bliken út nije sifers fan it CBS oer it jier 2016. Relatyf besjoen kieze noardlike steltsjes faker foar it partnerskip as foar in houlik, as minsken yn bygelyks de Rânestêd.
Neffens it CBS hat dat ûnder oare te krijen mei it oantal ynwenners mei in migraasje-achtergrûn. Dy binne der yn bygelyks Amsterdam folle mear as hjir yn Fryslân. Benammen Turkske en Marokaanske pearkes kieze foar it houlik.
Groei partnerskip
De lanlike sifers litte sjen dat der ferline jier 65.200 houliken sletten binne, dat is mei in stiging fan 1 persint krekt wat faker as it jier derfoar. It tal registrearre partnerskippen groeit folle hurder en is mei 15.700 hast in kwart heger as yn 2015. Ut de sifers docht bliken dat homo- en lesbyske stellen faker foar it partnerskip kieze as heterostellen.
Fan de Fryske gemeenten hie Ferwerderadiel yn 2016 it heechste persintaazje partnerskippen, nammentlik 51,2%, folge troch de Waadeilannen Skiermûntseach (50%) en Skylge (48%). Ta fergeliking: grutte gemeenten yn de Rânestêd komme hast net boppe de 15 persint út. Hikkesluter is neffens it CBS Flylân, dat op nul stiet. Dêr wurdt dus it meast troud.
Gefoelskwestje
It houlik en it registrearre partnerskip binne juridysk eins gelyk. Neffens Thea Jurina Dijkstra, bûtengewoan amtner fan de boargerlike stân by de gemeente Ljouwert, is de kar foar it partnerskip dan ek echt in gefoelskwestje. "It fielt oars foar minsken. Guon wolle letter graach noch in troudei ha en dat fielt as in ekstra stap. Of se ha alris earder troud west en wolle net wer, mar kieze foar dizze foarm omdat se wol alles goed regele wolle."