Ferkuolling sykje by De Grutte Wielen op simmerske dei

It wie woansdei drok op de Fryske strannen en by it wetter. Ek yn Ljouwert sochten in soad minsken ferkuolling op de earste simmerske dei yn fiif wiken. It Griene Stjergebiet by de stêd is al hast trije wiken ôfsletten foar it publyk fanwege it festival Psy-Fi. Dat festival wie snein al ôfrûn, mar it terrein is pas kommend wykein wer iepen. Dêrom sochten minsken massaal De Grutte Wielen oan de oare kant fan de dyk op.