Silende Omropper: "Moaiste oan sile is technyk en teamwurk"

Moarns om 6 oere giet de wekker op it skûtsje Zorg en Vlijt dat dizze wike meisylt yn de C-klasse fan it IFKS skûtsjesilen. Want om 9 oere hinne moatte skipper en bemanning fris en fruitich by de start ferskine. Omrop Fryslân-redakteur Jitze de Vries fan Offenwier sylt dizze wike mei op dit skûtsje út 1917.
Goeiemoarn Jitze, bisto al dwaande mei de tariedingen?
"Goeiemoarn! We sitte no noch efkes oan it brochje. Lekker aaike derby, bakje kofje en dan oer tsien minuten smite we de trossen los foar noch in oefenrûntsje, want dat hawwe we eins noch wol nedich hear."
Moarns betiid fan bêd, dan jûns ek mar betiid yn it hea?
"Ja, we moatte ferplichte om tsien oere op bêd, oars wurdt de skipper lilk", fertelt Jitze. It wurdt betiden wolris in bytsje letter, want it is dochs ek wol gesellich om jûns noch efkes in bierke te drinken by de oare skûtsjes. "It is eintsjebeslút ek fakânsje, we sitte hjir ek om't we it gesellich fine. En dat is eins ek wol ûnderdiel fan it skûtsjesilen. Je binne hjir mei de hiele float. Dus dan hjir efkes in bierke en dêr. Mar ja, dy skûtsjes starte net allegear om 9 oere", seit er laitsjend.
Soad gesellichheid dus, mar wat fynsto fierder no sa moai oan dat silen?
"It moaiste, fyn ik, je dogge it mei in team. Je dogge it mei elkoar op dat skip. Der is gjinien dy't allinnich dat skip farre kin. En it is allegear technyk fan hûndert jier âld dêr't je mei wurkje, hûndert jier lyn gie it ek sa."
Mei de wyn hâldt it net oer...binne dy dagen net dreech om troch te kommen?
"Fysyk net, it lûken oan dy skoat is net sa swier, mar mentaal is it wol in spultsje hear, om twa oeren lang yn folle konsintraasje te sykjen nei de wyn. Dat is wol hiel dreech it sykjen nei de wyn, as dy der eins net is. Wy hawwe ien geheim wapen. De skippers fan eartiids hienen in sigaar. Wy hawwe in belleblaas...."
En hoe dogge jim it oant no ta?
"We binne in team dat no foar it earst meidocht. We binne in kear sechsde en in kear alfde wurden fan de trettjin skûtsjes. Dus noch net super, mar ek net min hear. We dogge leuk mei. Wy binne yn alle gefallen tefreden."
In moaie wedstriid tawinske hjoed, Jitze
"Ja, tankewol! Der stiet hjoed al mear wyn as juster en earjuster by inoar, dus dat moat hjoed wol goedkomme."
Alles oer it skûtsjesilen is te finen op: omropfryslan.nl/skutsjesilen