Follybalster Nynke Oud op kontrakt by Sweedske klup

Nynke (rjochts) yn aksje yn har Frânske tenue © Facebook Nynke Oud
De Snitser follybalster Nynke Oud hat in kontrakt foar in jier tekene by in Sweedske klup. It giet om Gislaved Volleyballklubb. Twa jier lyn waard Oud noch lânskampioen mei VC Snits. Dêrnei keas se foar in klup yn Frankryk, mar dêrmei kaam se net fierder as in lêste plak. Begjin oktober spilet se har earste wedstriid yn Sweden.