Snorfytser trappearre op riden sûnder rydbewiis

© Omrop Fryslân
In 35-jierrige man út Ljouwert is yn de nacht fan moandei op tiisdei op de Grinzerstrjitwei trappearje op it riden sûnder rydbewiis op syn snorfyts. Nei ûndersyk die bliken dat it al de tredde kear wie dat de man sûnder rydbewiis ried. Ek blykte de kentekenplaat fan de snorfyts stellen te wêzen. De snorfyts is yn beslach naam. De fertochte moat ynkoarten foar de rjochter ferskine.