"Sportbejaarde" Marit Bouwmeester op tiid fit foar WK
Marit Bouwmeester begjint moandei fit oan it wrâldkampioenskip silen yn de Laser Radial klasse yn Medemblik. De sylster út Warten hat nei de Olympyske Spelen, dêr't se goud wûn, lang blessearre west, mar se is krekt op tiid wer fit.
Rêchblessuere by "bejaarde sporter"
Bouwmeester hie flink lêst fan de rêch. "Ik fûn it hiel lêstich, want it wie eins de earste kear. Normaal lústeret myn lichem nei my, mar no moast ik nei myn lichem lústerje." Troch de blessuere moast se in oantal wedstriden ôfsizze en yn it Frânske Hyeres kaam se wol op it wetter, mar hâlde se al gau wer op. "Ik koe myn skuon net iens fiterje. Dat fûn ik wol hiel slim. Mar foarige wike ha ik yn Aarhus (Denemarken, red.) wer folslein meidien. Ik moat akseptearje dat ik yntusken in bejaarde sporter bin en goed nei myn lichem lústerje moat."
Dit seizoen soe Marit folslein mei har broer Roelof oan de slach as trainer. Mar dat slagge dus amper. Roelof: "Leuk is it net. We hiene in hiel plan klear lizzen en we hiene der echt sin oan. Dat wie wol in flinke domper. Oan de oare kant ha we sein: It WK is it iennige echte belangrijke toernoai en dêr binne we no."
Soad konkurrinsje by WK yn eigen lân
It wrâldkampioenskip is ien kear yn de fjouwer jier mei alle klassen by elkoar. Dat is takom jier yn Aarhus. Mar elke klasse yn it silen hat ek in apart WK. Yn it net-Olympyske jier, lykas no, is it WK allinnich yn de Laser Radial klasse en dat is no yn Medemblik. Yn 2011 en 2014 waard Bouwmeester al wrâldkampioen, no giet se foar de tredde titel. "As Marit docht wat se kin, kin se gewoan meidwaan foar de titel." Sa seit har coach Roelof Bouwmeester. "Se hat ferline wike yn Aarhus in goed nivo sjen litten en ik ha der wol fertrouwen yn." Ien fan de grutste konkurrinten, Annalise Murphy út Ierlân, is blessearre en docht net mei. Dat jildt ek foar Paige Railey út Amearika. Mar der bliuwt genôch oer. Evi van Acker (België), Anne-Marie Rindom (Denemarken), Alson Young (Ingelân) en Josefin Olsson (Sweden) binne har ferneamste konkurrinten.
It WK is fan moandei 21 oant en mei sneon 26 augustus.