Flinke besunigings Hearrenfean

De gemeente Hearrenfean moat de kommende jierren yn trochsneed 4 miljoen op jierbasis besunigje. Troch de ekonomyske resesje is der kwalik bedriuwsgrûn ferkocht. Wenhuzen wurde hast ek net mear boud. Dêrtroch moat de gemeente 80 miljoen euro ôfboeke op it grûnbedriuw.
De gemeente besuniget op it eigen amtlik apparaat. Fierders gean de parkeartariven omheech en wurdt it gebiet foar betelle parkearen útwreide. De kultuersektor kriget ek minder jild.