Kollum: "Skyt oan sosjale ferplichtings"
"Godfried Bomans sei dat it moaiste fan reizgjen it thúskommen is. Miskien dat Bomans gelyk hat, mar sels mei ik der graach op út. En sokken binne der mear. Hiele folksstammen tropje yn de simmer koffers, tassen en auto’s fol om yn binnen- of bûtenlân te bekommen fan in perioade fan hurd wurkjen. Of om harsels ûnder te dompeljen yn in oare kultuer, omdat soks goed foar de geast is. Yn alle gefallen bliuwt it in nuveraardich fenomeen, dy tydlike, massale emigraasje.
Soms liket it sels wol in sosjale ferplichting: ast net fuort giest, dochst net mei. En dat net allinne, want wêr’tst hinne giest is op syn minst sa belangryk. Foaral yn it ûnderwiis is dat in dinkje, ha ik murken. Ast dêr seist datst fjirtjin dagen op in kemping yn Rolde stean giest, wurdt der spytgnyske en begrutlik sjoen. Nee, fakânsje foar in learkrêft betsjut datst fiere oarden opsykje moatst, it leafst ek noch mei in tematyske ynfolling.
Skieppeskeare yn Nij-Seelân, bygelyks. Hartstikke autentyk en hartstikke weardefol, omdatst de befolking sa goed kennen learst, tusken de keutels. Meditatyf hynsteride op de steppen fan Kazachstan, noch sawat. Ien wêze mei it bist en de romte yn jinsels ûntdekke. Kinst ek foar in kursus prehistoarysk itensieden yn it Andes-geberchte gean, of mear de spirituele kant oer, mei in fakânsje ‘van stress naar happiness’ yn Gana, in yoga-retrête yn de dridze fan de Nijl of in kursus yn kontakt mei aliens komme troch yn graansirkels mei de dêr hearskjende trillingen mei te fibrearjen…
Learkrêften dy’t te punterjen yn Giethoorn west ha of net fierder kaam binne as de nije útkyktoer yn Appelskea, swije beskamme as sokke ferhalen fan kollega’s oer de tafel gean. Behalve in sosjale ferplichting hat it dêr blykber ek mei prestiizje te krijen. Dy sosjale status is miskien yn de rest fan de maatskippij minder prominint. Toch hat in part fan de minskheid wol it gefoel dat op fakânsje gean in soarte fan ferplichting is.
Okkerdeis lade kunde de auto fol koffers en tassen. Hy knikte doe’t ik hifke oft se ôfstekke soene. ‘It wiif wol fuort,’ sei er. ‘Har suster-en-dy binne ek fuort, dat ja… Foar my hoecht it net. Om earlik te wêzen binne wy al lang útpraat. Thús ha je noch je eigen dingen, mar yn de frjemdte…’ Hy sloech de kofferbak mei in klap ticht.
Fakânsje is net altyd wille en aardichheid. It is bytiden ek likefolle stress en argewaasje. Lange files foar de grins, oeren wachtsje op Schiphol, wc’s dy’t ferstoppe sitte, bêden dy’t foar gjin meter lizze, in keamer dy’t op de foto in penthouse like mar yn it echt amper grutter as in lúsjefersdoaske is. Oanliedings genôch foar minsken om thús te bliuwen. En dy moatte dat ek beslist dwaan. Ik sis: lûk jim der neat fan oan, ha skyt oan sabeare ferplichtings en lit de lju mar rabje. Dejingen dy’t wol fuortgean winskje ik in goeie reis en in noflike tiid ta. Sels stek ik ek ôf, omdat ik der no ienris graach op út mei. Dat, oer trije wike sjoch ik jim graach wer. Oant sjen!"