Sylboat slacht om op Snitser Mar: fiif silers rêden

De omsleine sylboat op de Snitser Mar © plysje
Op de Snitser Mar by Terherne is sneontemiddei in sylboat omslein. It giet om in valk. Dêr sieten fiif minsken yn. Dy binne net ferwûne rekke. In wettersporter dy't yn de buert wie, hat se oan board naam. Hy belle ek 112 om troch te jaan dat elkenien feilich wie. "Sa heart it ek" seit de wetterplysje yn in reaksje.