"Gjin sprake fan misdriuw by deade racefytser Boazum"

De deade man dy't sneontemoarn fûn waard yn in feart by Boazum, is in 65-jierrige Boalserter. Dat hat de plysje bekend makke. De man waard sûnt freedtemiddei fermist. Hy wie om twa oere op syn racefyts fuortgong. Doe't er letter op 'e dei noch net werom wie, waard der in Burgernetaksje opset. Dat smiet neat op.
Sneontemoarn waard it lichem fan de man fûn. De plysje slút in misdriuw út. De man is nei alle gedachten net goed wurden en doe yn it wetter bedarre.