Dennis Johnsen fan SC Hearrenfean nei Ajax

SC Hearrenfean-spiler Dennis Johnsen makket de oerstap fan SC Hearrenfean nei Ajax. De 19-jierrige Noarske fleugeloanfaller giet foar 2 miljoen euro nei de haadstêd. Hy moat noch wol in medyske keuring ûndergean by Ajax.
Johnsen kaam yn 2015 oer fan de Noarske klup Rosenborg. Hy hat by Hearrenfean gjin offisjele spylminuten makke.
Technysk manager Gerry Hamstra fynt it spitich dat Hearrenfean Johnsen kwytrekket oan Ajax: “Het is enorm jammer dat een talent als Dennis vertrekt, nog voordat hij zijn debuut heeft gemaakt. Als club hebben we er alles aan gedaan om hem te behouden, maar helaas bleek dit niet mogelijk. Hoewel we hem liever langer in Friesland hadden zien spelen, wensen wij hem het allerbeste toe bij Ajax.”