Wedstriid by De Feanhoop telt definityf net mei

De wedstriid op De Feanhoop telt definityf net mei foar it klassemint fan it skûtsjesilen. Dat hat it bestjoer fan de SKS woansdei besletten. Fjouwer skûtsjes protestearren tsjin de wedstriidkommisje, omdat se de start net earlik fûnen. Der soe net genôch romte west hawwe yn it Grytmansrak. It bestjoer fan de SKS hat dy skippers no gelyk jûn.
De sjuery hat fêststeld dat der by it farren fenders en bomen brûkt wurde moasten om frij fan oaren te bliuwen, en skea foar te kommen. Neffens de sjuery is der foar de belutsen skippers in ûnearlike en net-wedstriidweardige situaasje ûntstien. It bestjoer folget dy redenaasje.
Protesten
De skippers fan Langwar, de Súdwesthoeke, Wâldsein en Hearrenfean hiene it protest yntsjinne. Dat diene se op grûn fan in artikel dêr't yn stiet dat wannear't der de mooglikheid is om op rom wetter te silen, dat der dan net keazen wurde moat foar smel farwetter. It Grytmansrak is smel.
Advys
Dat de wedstriid no net meitelt, is soer foar skipper Gerhard Pietersma fan Earnewâld. Hy wûn ôfrûne moandei de silerij op De Feanhoop. Fuortendaliks nei de wedstriid sei de sjuery al dat de silerij ûnjildich ferklearre wurde moast. It bestjoer hat dat advys no opfolge.
Klassemint
Yn it algemien klassemint - noch sûnder ôflûkwedstriid - stiet De Lemmer op dit stuit boppe-oan mei 9 punten, dêrachter Akkrum (12,9) en de Súdwesthoeke (14).