EK-winneres Sherida Spitse huldige yn berteplak Snits

Oranje-oanfierder Sherida Spitse is tiisdeitejûn yn har berteplak Snits huldige. In pear hûndert man kamen ôf op it feest dat yn de spielende rein wie.
Boargemaster Hayo Apotheker sette de Oranjeliuwinne yn it sintsje. Sherida betanke de fans foar de huldiging en foar de stipe by de wedstriden. En ek al wurke it waar net mei, de sfear wie der net minder om en Sherida wie noch net hielendal útfeeste. Se is nei dizze huldiging wol ta oan rêst en wol no tiid trochbringe mei har frou en soantsje Jens dat noch gjin fjouwer moanne âld is.