Auto yn de sleat by Sweins, bestjoerder kin sels ûntkomme

Auto yn de sleat by Sweins © Stefan Postma
In auto is troch ûnbekende oarsaak fan de dyk rekke en yn it wetter bedarre. Dat barde om healwei achten hinne op de A31 by Sweins. Doe't de helptsjinsten op it plak oankamen, wie de bestjoerder sels al út de auto wei. Hy soe neffens tsjûgen licht ferwûne rekke wêze, mar hoegde net nei it sikehûs.