BFVW wol dat leden Moarns Ier wol trochgean mei neisoarch

It Bûn fan Fryske Fûgelwachten ropt de leden fan aaisikersklup Moarns Ier op om net op te hâlden mei neisoarch. Moarns Ier hâldt nei 125 jier op te bestean om't it aaisykjen ferbean is en it der net op liket dat it yn 'e takomst wol wer mei.
BFVW-foarsitter Rendert Algra fynt it tige spitich. Mooglik giet it ta skea fan de neisoarch. It tal neisoargers is yn trije jier tiid mei mear as tûzen ôfnaam. Dochs is Algra net pessimistysk oer it aaisykjen, al is in delgong fan 20 persint neisoargers wol soarchlik. De trend dat der hieltyd mear biodiversiteit, sis mar mear fariaasje oan planten en krûden, yn de greiden komt, is in geunstige ûntwikkeling foar de greidefûgels, seit Algra.