Anne Tauber nei WK mountainbike
Mountainbikester Anne Tauber fan Oranjewâld is útkeazen om Nederlân te fertsjinwurdigjen op it WK mountainbike yn it Australyske Cairns. De bûnscoach hat yn totaal sân mountainbikers útsocht foar syn seleksje. Earder wûn Tauber al in brûnzen medalje op it Europeesk kampioenskip. Neffens de bûnscoach rydt Tauber al it folsleine seizoen op in heech nivo, en hy hat der fertrouwen yn dat se ek op it WK dizze line trochset. It WK is fan 5 oant en mei 10 septimber yn Australië.